Besite oan De Hond yn Paesens


Op tiisdei 24 septimber hienen de minsken fan it Wmo-team Dantumadiel/Dongeradeel en Stichting 
Welzijn ‘Het Bolwerk’ in teambuildingsmiddei. Underdiel fan it programma wie in besite oan De Hond 
yn Paesens. Yn groepen fan seis lieten mûnders Frits Bloem en Goffe Westra ús alle hoeken fan de 
mûne sjen. Deselden dy’t it oandoarsten wrongen harsels ek noch troch it gat dat tagong jout ta it 
boppeste stik fan de mûne. Dat joech bytiden hilaryske situaasjes om’t minsken net mear foar of 
achterút koenen. De mûnders hawwe mei harren entûsjast en ynspirearjend ferhaal de mûne foar 
ús ta libben brocht. Wy ûntdutsen ek noch in ferbining tusken it wurk fan de mûnder en ús wurk yn 
it kontakt mei klanten. De mûnder moat altyd alert wêze op de omstannichheden en benammen 
de wyn. Hy kin noait op de automatyske piloat farre. Itselde jildt foar ús. Der is gjin minske en gjin 
probleem itselde. Ek wy moatte skerp wêze, de omstannichheden yn de gaten hâlde en dêrneffens 
mei de klant de beste oplossing sykje.
Frits en Goffe bedankt! Wy hawwe in soad leard!


Ut namme fan alle dielnimmers,


Annewiep Bloem

 

 http://www.annewiep.nl/